LIVEBLOG: Folgje hjir it heger berop fan A7-blokkearders

24 sep 2019 - 15:13

Fyftjin fan de 34 saneamde 'blokkearfriezen' stean fan tiisdei ôf yn heger berop terjochte foar de blokkade fan de A7 by Aldehaske yn novimber 2017. De Friezen krigen ferline jier fan de rjochtbank yn Ljouwert taakstraffen oplein tusken de 80 en 240 oeren. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust docht live fanút it rjochtsgebou ferslach fan de saak.

15:13
Moarn fierder

De sitting fan hjoed is foarby. Moarn giet it fierder mei tsien fertochten. Fiif fan harren komme net opdaagjen. Moarntemiddei sprekke leden fan de Kick Out Zwarte Piet.

14:44
Snap de straf niet

De fiifde en lêste fertochte fan hjoed is in 30-jierrige Ljouwerter. "Ik snap de straf eigenlijk niet, we hebben het met goede bedoelingen gedaan. Daarom ben ik in hoger beroep gedaan. We wilden voorkomen dat ze Dokkum bereikten. Dat was onze inzet."

13:46
Fertraagje

In 35-jierrige Koudumer dy't as fjirde fertochte foarkomt, ûntkent dat hy in koördinearjende rol hân hat. Wol jout er ta dat hy by de blokkade west hat. "En daar ben ik trots op." It wie net de bedoeling om ferkear te blokkearjen mar te fertraagjen, sadat de demonstranten net op 'e tiid yn Dokkum komme soene. "Ik sta nog steeds achter de actie. We hebben veel rottigheid in Dokkum voorkomen."

13:29
Geweld yn Dokkum

Fertochte seit dat as de demonstraasje trochgien wie, it mâl gien wie yn Dokkum. "In protte geweld troch de minsken yn de bus. Sjoch mar wat yn Gouda bard is. Dêr waarden bern fan de skouders fan heiten en memmen ôflutsen." Hy seit dat hy gjin liedende rol hân hat by de blokkade. It Iepenbier Ministearje tinkt dêr lykwols oars oer.

13:12
Wer los nei it skoft

De saak begjint wer, mei in 23-jierrige fertochte. "Ik wit wol dat ik wat ferkeards dien haw, mar ik fyn de straf te heech. Ik haw nea de bedoeling hân om de bussen stil te setten. We woene de bussen fertrage om foar te kommen dat se in bernefeest fersteure soene. Dat is slagge. Ik tink dat it oars yn Dokkum net goed kaam wie. We hawwe slimmer foarkaam."

De fertochte seit dat hy syn ferhaal net goed ferwurdzje kin om't hy hieltyd ûnderbutsen wurdt troch de tolk. "U mag ook Nederlands spreken, hoor", stelt rjochter Bert Versteeg voor. "Nee, dat doch ik net. Frysk is myn taal."

12:18
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat ús by

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de heger beropssaak tsjin de 'blokkearfriezen'

11:41
Steun

"Ik steun de blokkeerders, maar sta niet achter de manier waarop het is gebeurd", seit de man fan It Hearrenfean.

11:11
Boos

"Ik ben boos geworden omdat ik voor racist ben uitgemaakt", seit de motorrider fan it Hearrenfean. Neffens tsjûgen snijde hy de reade bus ôf op de A6. Dy moat fol yn de remmen. "U schoot als een kamikazepiloot voor de bus langs", seit riedshear Leo Wemes. "Dat klopt. Het was een idiote actie. Maar ik was boos omdat ik aangereden werd door een van de bussen. Ik bleef ternauwernood overeind, dankzij mijn stuurmanskunst."

11:51
Demonstranten by it Hof fanwege heger berop A7-blokkearders - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
10:55
Twadde fertochte

De saak giet nei in koarte skorsing fierder mei de twadde fertochte, in 57-jierrige man fan It Hearrenfean. Hy wurdt fertocht fan it blokkearjen fan de A7 en it mei geweld tsjinhâlden fan in demonstraasje. "Dat is puur op vermoedens gebaseerd. Er is nergens bewijs voor", seit de fertochte. "Ik ben er toevallig in terecht gekomen."

(advertinsje)
(advertinsje)