FNP-fraksje Noardeast-Fryslân hat noed oer beamwâlen

23 sep 2019 - 22:29

De FNP-fraksje fan Noardeast-Fryslân sit yn noed oer de beamwâlen yn de gemeente. Koartlyn warskôge feriening Noardlike Fryske Wâlden dat in grut part fan de elzesingels en houtwâlen fertutearzen om't der te min dien wurdt oan ûnderhâld.

Foto: Noardlike Fryske Wâlden

Beamwâlden binne tige weardefol foar it bioferskaat en dêrmei ek foar fûgels en ynsekten. De FNP wol no fan it kolleezje witte hoe't it ûnderhâld fan de wâlen regele is en oft de eigeners fan beamwâlen ek ynformearre en stimulearre wurde om gebrûk te meitsjen fan eventuele subsydzjes.

De fraksje wol ek witte oft der taferjoch is op it ûnderhâld fan de wâlen.

(advertinsje)
(advertinsje)