Plysje siket nei man mei fjoerwapen yn Harns

23 sep 2019 - 21:58

Yn Harns is de plysje manmachtich op syk nei in man mei in fjoerwapen. Hy soe dêr ien persoan mei bedrige hawwe. Neffens de earste melding wie der sprake fan in oerfal op in tankstasjon, mar it liket der net op dat dêr echt sprake fan wie.

Neffens in wurdfierder fan de plysje waard de fertochte persoan as earste opmurken troch in omstanner, yn de buert fan in tankstasjon oan de Kanaalwei yn Harns. Doe't dy de persoan oanspruts, waard er bedrige mei in fjoerwapen.

De plysje wie moandeitejûn mei meardere weinen yn de buert fan it tankstasjon oanwêzich.

Minsken yn Harns waarden fia Burgernet oproppen om út te sjen nei in man, mei swarte klean en swarte moffen oan, fanwege in bedriging mei in fjoerwapen. De plysjewurdfierder seit mei klam dat it net dúdlik is oft it wapen echt is. It kin ek wat wêze dat dêr bot op liket.

It is net dúdlik wat de man mei it fjoerwapen fan plan wie yn de buert fan it tankstasjon.

Trefwurden: 
Harns oerfal Kanaalwei Esso
(advertinsje)
(advertinsje)