SC Cambuur wint fan Jong PSV nei reade kaart en spektakulêr doelpunt

SC Cambuur hat moandeitejûn mei muoite wûn fan Jong PSV. Op De Herdgang wûnen de Ljouwerters mei 1-0 troch in spektakulêr doelpunt fan Calvin Mac-Intosch. Troch de oerwinning stiet SC Cambuur op in tredde plak yn de Keuken Kampioen Divisie.
Robert Muhren (SC Cambuur) en Chris Gloster (Jong PSV) © Orange Pictures
Yn Eindhoven stie der in jong alvetal fan Jong PSV tsjinoer de ploech fan trainer Henk de Jong. De Eindhovenaren wiene as earste gefaarlik, mar Cambuur krige nei 15 minuten de earste grutte kâns. Robert Mühren koe in foarset fan rjochts krekt net efter keeper Van de Meulenhof koppe.
Net folle letter krigen de Ljouwerters wer in kâns. Yn earste ynstânsje kaam Mac-Intosch net foarby Van de Meulenhof en Oratmangoen krige de rebound net efter de keeper.

Trije grutte kânsen

Yn de rin fan de earste helte wie it Cambuur dat hieltyd gefaarliker waard. Yn de 35e minút waard in bal fan Mühren fan de line helle troch de keeper. Erik Schouten krige net folle letter wer in grutte kâns, mar fan tichtby gie de bal sintimeters njonken.
Krekt foar it rêstsinjaal like Issa Kallon de Ljouwerters mei in stiftke wol op foarsprong te setten. Allinich stie dizze kear de peal yn 'e wei. Oan de oare kant kamen de beloften fan PSV der noch út, mar Ledzema hie it fizier net op skerp.

Spektakulêre twadde helte

Nei it rêstsinjaal wiene de beloften fan PSV sterker. Ynfaller Alex Bangura koe mei in sliding foarkomme dat Olivér Horváth skoare koe. De Ljouwerters liken de wedstriid yn de 63e minút hielendal út hannen te jaan. Robert Maulun helle tsjinstanner Gomes fan efter ûnderút en krige de reade kaart fan skiedsrjochter Erwin Blank.
Nettsjinsteande de reade kaart wie it dochs Cambuur dat op prachtige wize skoarde. In ynset rjochting it strafskopgebiet kaam fia in ferdigener by Mac-Intosch terjochte. Hy twivele net en mei in omhaal belâne de bal yn de goal: 1-0.
Nei de goal fan Mac-Intosch besocht Jong PSV noch de lykmakker te meitsjen. Mar de Ljouwerters kamen net echt mear yn gefaar en lutsen mei tsien man de einoerwinning oer de streek.
Jong PSV - SC Cambuur: 0-1 (0-0) 66. Mac-Intosh 1-0
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosh, Schouten, Sambissa (46/Bangura); Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Oratmangoen (58/Korte), Mühren, Kallon (89/Nieuwpoort)