Spul om nij busstasjon Boalsert noch net oer: op 'e nij by Ried fan Steat

23 sep 2019 - 20:57

De gemeente Súdwest-Fryslân hopet mei it oanpassen fan de fergunning it nije busstasjon oan it Industriepark yn Boalsert fan 'e grûn te krijen. In omwenner fan de Twibaksdyk dy't earder mei sukses in rjochtsaak fierde tsjin de bou fan it busstasjon, stapte moandei op 'e nij nei de Ried fan Steat. Dy moat oer inkelde wiken útspraak dwaan oer de wizige fergunning.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn 2017 hat de rjochter besletten dat der tefolle lûdsoerlêst wêze soe fan bussen dy't oer de Twibaksdyk del ride. Dêrom krige Súdwest-Fryslân de opdracht om de fergunning oan te passen. Dat waard dien en dêr hat de Ried fan Steat moandei nei sjoen.

Lûdsoerlêst

Neffens de gemeente is de lûdshinder no folle minder om't der in dyk ferlein wurdt. Omwenners kinne noch wol moarns betiid út harren sliep hâlden wurde, mar de gemeente fynt dat talitber om't it om in bedriuwswenning op in bedriuweterrein giet. De omwenner is it dêr lykwols net mei iens en fynt dat der in loads op it terrein sloopt wurde moat om it stasjon fierder fan de wenning oan te lizzen.

(advertinsje)
(advertinsje)