Brêge-steuringen: "Der binne minsken troch it akwadukt fytst, libbensgefaarlik"

23 sep 2019 - 19:42

De steatefraksje fan de FNP makket him soargen oer de feiligens fan brêgen yn Fryslân. Oanlieding binne de steuringen by de nije brêge yn Burgum en de steuring lêsten yn de betsjinning fan seis brêgen fan Skûlenboarch út. Dy problemen soargen foar ûnfeilige situaasjes.

De Burgumerdaam - Foto: Rykswettersteat

"Minderfalide minsken moasten mei de lêste steuring op Skûlenboarch omride en by de lêste steuring fan de Burgumerdaam binne der minsken troch it akwadukt fytst. It soarget foar libbensgefaarlike situaasjes, wy wolle wolris witte wat de provinsje der oan dwaan sil", seit FNP'er Wopke Veenstra.

De FNP wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat se dwaan sille om sokke situaasjes yn de takomst foar te kommen. Veenstra: "Under oare de feiligens op it Prinses Margietkanaal, mar ek de feiligens fan minsken dy't oer de brêge hinne gien."

"It mei net, mar it is wol begryplik dat minsken troch it akwadukt fytse. As fytser kinst by de Burgumerdaam ek gjin kant op, dan moatst tige fier omfytse", seit Veenstra.

Evaluaasje

Der is lykwols noch in punt neffens de FNP'er: "Dêr komt it ferhaal by dat it Prinses Margrietkanaal yn 2011 fan de Provinsje nei Rykswettersteat gien is. Doe is ôfsprutsen dat der twa kear in evaluaasje komme soe, mar neffens ús hat der noch nea in evaluaasje west."

FNP-steatelid Wopke Veenstra oer de libbensgefaarlike situaasjes

Trefwurden: 
FNP brêgen Burgum feilichheid
(advertinsje)
(advertinsje)