FIDEO: Sjoerd Feitsma oer jildtekoart: "It is behoarlik earnstich wurden"

23 sep 2019 - 19:21

It liket derop dat der hurde besunigingen foar de doar fan Ljouwert steane. It giet om in bedrach fan sawat 20 miljoen euro. "Is is behoarlik earnstich wurden yn de ôfrûne jierren", seit finansjeel wethâlder Sjoerd Feitsma yn It Polytburo. Gemeenten hawwe sûnt de oergong fan benammen jeuchdsoarch hast gjin finansjele romte, dy oergong hat te gau west en der kaam ek nochris in flinke besuniging by.

Yn in brânbrief fan 40 grutte gemeenten - wêrûnder Ljouwert - is it kabinet frege om ekstra jild, mar premier Rutte wol dêr earst neat fan witte. As der struktureel gjin jild fan it Ryk komt foar gemeenten, sil der koarten wurde moatte op saken as swimbaden, biblioteken en it ûnderhâld fan diken, sa seit Feitsma.

(advertinsje)
(advertinsje)