Charterskip brekt mêst by oanfarring op Waadsee

23 sep 2019 - 21:00

By in ûngelok op de Waadsee hat in charterskip de efterste mêst brutsen. It skip soe yn oanfarring kaam wêze mei in fiskersskip. Der is mar ien persoan fan board helle dy't lêst hie fan syn rêch, dizze persoan is nei it sikehûs ferfierd.

De oanfarring wie tusken Harns en Koarnwertersân. De KNRM is mei meardere boaten útfearn nei it skip dêr't it ûngelok wie. In oar charterskip dat yn de buert wie, is der neist lizzen gien om earste help te ferlienen.

Op ûndersteande foto is rjochts it fiskersskip te sjen dêr't de twamêster mei yn oanfarring kaam.

Foto: CAMJO Media

Derk van Dieren fan de KNRM jout oan dat der ien persoan ferwûne rekke en fan board helle is. Dizze persoan hie lêst fan 'e rêch en is foar de wissichheid nei it sikehûs brocht út Harns wei. De rêding gie fierder goed, hoe't de oanfarring krekt barre koe, is net bekend.

Foto: Jannette van der Ploeg
(advertinsje)
(advertinsje)