Epke Zonderland mei nei WK yn Stuttgart nei slagge tests

Turner Epke Zonderland mei dochs meidwaan oan de wrâldkampioenskippen turnjen dy't op 4 oktober begjinne yn de Dútske stêd Stuttgart. Bûnscoach Van Bokhoven hat him opnaam yn de nasjonale seleksje, sa is moandei bekend wurden. De oare turners yn de WK-seleksje binne Bart Deurloo, Casimir Schmidt, Frank Rijken, Bram Louwije en Michel Bletterman, ek in Fries.
Epke Zonderland © ANP
De dielname fan Zonderland stie lange tiid faai, want hy hie ôfrûne simmer lêst fan de byholtes. Dêrtroch koe er net genôch traine. By in kwalifikaasjewedstriid op It Hearrenfean, trije wiken ferlyn, twivele er noch oft er wol meidwaan koe oan it WK.

Lêste momint

"Ik haw eins pas op it lêste momint sjen litten dat ik goed genôch bin foar it team," seit Zonderland. "Als ik krekt wat letter wie, hie ik thús bliuwe kinnen."
Hy seit dat it nei omstannichheden goed giet en it ek hieltyd better giet. "Mar it wie wol efkes skrikke dat ik ferline wike wer ferkâlden waard. Ik tocht: it moat net op 'e nij begjinne, mar ik bin op tiid opknapt om te turnjen."
De leste wiken siet der in opgeande line yn, seit Zonderland. In twadde test, ôfrûne wykein op It Hearrenfean, joech him in better gefoel. "Dizze wike kin ik noch lekker traine op It Hearrenfean en dêrnei gean ik nei Stuttgart dêr't ik ek noch tiid hat om te wurkjen oan de kondysje."

Kommende wiken bepalend

"De kommende twa wiken binne noch wol bepalend," jout hy oan. "It soe moai wêze as ik noch stappen meitsje kin."
Zonderland tinkt net dat hy reserve wurdt yn de opstelling. "Yn teory kin it. Mar ik sil net de reserve op my nimme om't ik gjin mearkamper bin. Mar as ik in weromslach haw, kinne sy noch wol oare jonges yn it team sette. Dus it bliuwt noch spannend."
Epke Zonderland oer de seleksje foar it WK