Mooglike kampioensrace Nyck de Vries is 'Wedstriid fan de Wike'

23 sep 2019 - 17:55

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea kin him oankommend wykein kroane ta kampioen fan de Formule 2. Dêr is noch noait earder in Nederlanner yn slagge. De koereurs fan de Formule 2 race sneon en snein yn it Russyske Sotsji. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

Yn it klassemint fan de Formule 2 giet De Vries oan de lieding mei 225 punten. "Syn foarsprong op de nûmer twa is 59 punten", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Der binne noch twa racewykeinen, it oankommende yn Sotsji en oer goed twa moannen yn de Feriene Arabyske Emiraten. Yn in racewykein binne der 48 punten te fertsjinjen. Dus De Vries kin sneon of snein al kampioen wurde."

Sneontemiddei is de haadrace en sneintemoarn de sprintrace. Beiden binne yn in liveblog te finen op de webside fan Omrop Fryslân. Ek wurdt der sneontemiddei op de radio ferslach fan de mooglike kampioensrace fan De Vries dien.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)