Wetterskip docht proef mei robotmeaner op seedyk by Moddergat

23 sep 2019 - 17:32

Op de seedyk by Moddergat is Wetterskip Fryslân dwaande mei in opmerklike proef: der rydt in robotmeaner oer de dyk by de Waadsee. De meaner hat gjin CO2-útstjit en rydt op sinne-enerzjy. De duorsume meaner kuieret yn de jûntiid nei syn 'nachthok'. Dêr laadt hy himsels wer op mei in akku dy't mei in sinnepaniel laden wurdt.

De meaner rydt noch oant 10 oktober op de dyk, dêrnei sjocht it Wetterskip oft de meaner befoel en oft der miskien mear meaners komme.

Wat is der dan mis mei ús skiep? Dat wie wat ien op Twitter oan Wetterskip Fryslân frege. De organisaasje joech mei in knypeach antwurd: "Er is niets mis met de schapen, deze trappen de grasmatten mooi aan zodat deze keurig blijven liggen. Alleen zijn er niet altijd genoeg schapen die het gras bij kunnen houden."

Meiwurker Jan Wolters fan it Wetterskip jout op de dyk lykwols oan dat der noch in oare reden is: "Der is ek wat rekreative druk om't der ek minsken op de dyk komme. Dêr kinne je gjin skiep by hawwe." Mei oare wurden: oars soene besikers fan de Seedyk yn de stront omstappe.

Gjin trekkers mear

Eartiids gie it Wetterskip mei in trekker mei in meaner der efter oer de dyk. Wolters: "Somtiden barde dat wol eltse wike in kear. Mar wy wolle eins CO2-neutraal wêze en der is no nije apparatuer op de merk. Dêrom wolle wy sjen oft dat ek wurket." De proef past yn de inisjativen foar de doelstelling fan it Wetterskip om yn 2030 klimaatneutraal te wêzen.

Proef

It is foarearst in proef, want der binne wol wat betingsten. "Hoe wurket it? Litte minsken de meaner mei rêst? Wat binne de kosten fan it ûnderhâld? Hoefolle bunder kin de masine oan? Uteinlik sille wy sjen oft it breder tapasber is," seit Wolters.

De meaner soe gefoelich wêze kinne foar dieverij, mar dêr hat it Wetterskip oan tocht. "Der stiet in kamera op en yn it apparaat sels sit in stjoerderke, dus hy is werom te finen."

Ferslachjouwer René Koster en Jan Wolters fan Wetterskip Fryslân

De robotmeaner hjit offisjeel de 'Husqvarna Automower' en de proef wurdt dien yn gearwurking mei Veenma Mechanisatie fan Dokkum. Feitze Veenma fertelt dat it idee by syn bedriuw wei kaam: "Dizze masine is sûnt dit jier op 'e merk. Wy hawwe goed kontakt mei it Wetterskip, dus wy hawwe sein: wy sjogge nije mooglikheden foar jimme."

Bestjoere mei in app

De meaner kin mear oan as de gewoane hûs-tún-en-keuken-meanmasine. "Hy hat in gruttere akku, swierdere motoaren en hy kin gruttere oerflakten oan. Hy rydt mei in GPS-kaart en de omheining is ôfbeakene mei in triedsje yn 'e grûn. Boppedat kinne wy de masine mei in app bestjoere."

Nettsjinsteande de moaie technyk fynt hy wol dat op oare plakken gewoan de skiep bliuwe moatte. "Dat sjocht der wol moaier út," jout hy ta.

Feitze Veenma fan Veenma Mechanisatie yn Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)