Poerlilke Urker fisker bedriget plysjefrou yn Harns, 900 euro boete

In Urker fisker krijt 900 euro boete foar bedriging fan in plysjefrou. Yn febrewaris fan dit jier woe de plysje yn Harns in bestelbuske oanhâlde dêr't de fertochte as passazjier yn siet. De transporter ried gau troch en negearre in stopteken.
Plysje logo © Omrop Fryslân
By de Nieuwe Vissershaven helle de plysje it buske yn. Op dat stuit waard de Urker dûm en utere ferskate deadsbedrigings oan it adres fan de plysjefrou. De man soe letter ferklearje dat er bot frustearre wie en it gefoel hie dat de plysje him mei opsetsin dwerssiet.
Troch syn wurk op see en in blanko strafblêd kaam de man der mei in boete ôf.