Studinten fan ROC Friese Poort iepenje 'oefenwinkels' op it Saailân

23 sep 2019 - 17:19

Studinten fan ROC Friese Poort iepenje dizze wike eigen 'oefenwinkels' yn winkelsintrum Saailân yn Ljouwert. It binne tydlike winkels, dêr't de studinten de teory fan skoalle yn praktyk bringe kinne: bygelyks it fersoargjen fan in lunch of in skjintmebehanneling. Der wurdt gearwurkje mei dosinten en bedriuwen.

Eins soe dit projekt yn it nije Cambuur-stadion iepenje, mar dat slagge net om't de bou dêrfan letter útein set. Oant dy tiid is der dus plak fûn yn de lege plakken fan it winkelsintrum.

De studinten moatte alles sels regelje, fan ynkeap oant finânsjes. Dosinten en bedriuwen coache de nearingdwaanden yn 'e dop. "Ook onderling kunnen de opleidingen van elkaar leren doordat ze samenwerken. Een mooie vorm van kruisbestuiving die we straks in het nieuwe Cambuurstadion voort willen zetten," seit ROC Friese Poort-direkteur Jacoba Posthumus.

Wat komt der dan krekt?

De studinten sille op de begeane grûn in ynformaasjesintrum oer WTC/Cambuur opsette, mei in Cambuur Fanshop. Fierder komt dêr ek in saneamde Cyber Experience Room, dêr kinne besikers leare hoe't se omgean moatte mei de wrâld dy't hieltyd mear digitaal wurdt.

Op de earste ferdjipping komme winkels mei ferskate merken en produkten, lykas in boekwinkel en in kapper. Op de earste ferdjipping komt ek in kafee en dêrnjonken is der in salon foar skjintmebehannelingen. Tongersdei moatte de winkels yn de binnenstêd fan Ljouwert iepen wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)