FIDEO: Bûten boartsje, hoe moat dat ek alwer?

23 sep 2019 - 17:06

Lekker op 'e rêch yn it gers lizze en sjen nei de wolken. Hoefolle bern dogge dit noch yn dizze digitale tiid? Bern fan groep 3 fan de Albertine Agneskskoalle yn Ljouwert hawwe moandei de learzens oanlutsen en giene nei bûten op aventoer.

Mei it nije boekje 52 buitenavonturen in Fryslân yn 'e hân binne de bern op de strún gien yn de omjouwing fan de skoalle.

It boekje is skreaun troch it IVN-Fryslân (Instituut voor Natuureducatie en Duurzaamheid). Neffens de organisaasje witte bern somtiden net mear hoe't se bûten boartsje moatte. Dit boekje jout 52 ideeën, lykas: op syk nei lytse bistjes, hutten bouwe en in fluitsje meitsje fan in stâle.

(advertinsje)
(advertinsje)