VVD Tytsjerksteradiel: "Kontenerleechfoarbyld Hearrenfean doocht net"

23 sep 2019 - 17:01

De gemeente Tytsjerksteradiel wol de grize ôffalkontener noch mar ien kear yn de trije wiken leegje, sadat de ynwenners minder guod yn de grize kontener smite. De VVD is as iennige partij tsjin. Tytsjerksteradiel wiist nei Hearrenfean as foarbyld fan in gemeente dy't ûnderfining hat mei in trijewyklikse leging. Mar dêr is it alwer ôfskaft en ferfongen troch betelje de kilo.

Offalwein - Foto: Omrin

VVD-riedslid Sjaak Hoekstra yn Tytsjerksteradiel is tsjin de trijewyklikse leging: "Wy hawwe frege oare gemeenten te neamen dêr't de ôffalfrekwinsje weromgien. It antwurd wie dat allinnich Hearrenfean dêr ûnderfining mei hat. Dan sykje jo even fierder en dat sjogge jo dat se dêr no wer oerstapt binne op ien kear yn de twa wiken, wol mei in oar systeem. Dus eins is der gjinien gemeente dy't der goede ûnderfiningen mei hat."

Dochs noch tefolle ôffal

Wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente Hearrenfean fertelt dat se yn 2017 it leegjen fan de konteners mei húshâldlik ôffal fan ien kear yn de twa wiken op ien kear yn de trije wiken set hawwe. Mar dat is yn 2018 weromdraaid, omdat it net genôch opsmiet.

Diftarsysteem: betelje de kilo

De doelstelling fan de gemeente wie om minder ôffal te krijen, fertelt Van Veen. "Van afval naar grondstof" wie it biedwurd en dêrom woene se in folumeprikkel jaan, dus de minsken derta oansette om minder ôffal oan te bieden. Mar dat slagge net goed. Der bleau te folle restôffal oer. Boppedat fûnen de boargers dat it servicenivo no minder wie. Dêrom is de gemeente dochs mar wer oergien op ien kear yn de twa wiken leegje en betelje de kilo, it saneamde Diftarsysteem. Mei dit nije systeem giet de gemeente Hearrenfean no rjochting de 100 kilogram restôffal yn de twa wiken, seit Van Veen.

Trefwurden: 
Tytsjerksteradiel ôffal
(advertinsje)
(advertinsje)