Michiel Schrier foardroegen foar SP-fraksje gemeenteried Smellingerlân

23 sep 2019 - 16:16

De SP-fraksje fan Smellingerlân hat Michiel Schrier foardroegen as ferfanger fan riedslid Jos van der Horst. Dy joech begjin septimber oan nei 14 jier yn de gemeentepolityk op te hâlden, om't hy ferhûzet nei Noard-Brabân. Michiel Schier sit op dit stuit ek yn de Provinsjale Steaten foar de SP.

Foto: Omrop Fryslân

Op basis fan de kieslist soene eins Jamal Al Sari en dêrnei Eva Niën oan bar wêze moatte, mar beide SP'ers hawwe fan de funksje ôfsjoen. Michiel Schrier wie de earstfolgjende op de list, en hy woe wol.

Foar't Schrier echt yn de gemeenteried komt, sil de kommisje Betrouwensbrieven har noch bûgje oer it foarstel. Dat wurdt op 1 oktober behannele.

(advertinsje)
(advertinsje)