Oanhingwein lossketten op A7 mei file ta gefolch

23 sep 2019 - 15:43

In lossketten oanhingwein hat moandei soarge foar in file op de A7 by Drachtsterkompenije. It ûngelok barde, trochdat twa buskes mei-inoar yn botsing kamen. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. Der binne gjin persoanen ferwûne rekke.

Foto: Srfotografie

Troch it ûngelok is de linkerrydbaan yn de rjochting fan Drachten ôfsletten en stiet der in file tusken Drachtsterkompenije en Fryske Peallen.

(advertinsje)
(advertinsje)