Boereprotest op 1 oktober: "Er wordt te veel geluisterd naar de schreeuwers"

23 sep 2019 - 13:21

De polityk moat de boeren mear romte jaan om te ûndernimmen en mear wurdearring toane foar de ynset fan de boeren op it mêd fan duorsumens. Dat fynt boer Peter Lekkerkerker (31) fan Gytsjerk. Hy docht op 1 oktober mei oan de grutte boeredemonstraasje yn Den Haag.

Nei Den Haag

Op tiisdei 1 oktober giet in grutte groep boeren út it hiele lân nei Den Haag. Se organisearje dêr in demonstraasje om harren lulkens te toanen oer de yn harren eagen oanhâldende krityk op de lânbousektor by it oplossen fan miljeu- en natoerproblemen.

De boeren reagearje mei harren demonstraasje op de lêste foarstellen fanút de polityk om de lânbou de kommende jierren flink yn te krimpen fanwege it stikstofprobleem. Lekkerkerker hat krekt as in soad fan syn kollega's it idee dat it altyd de boeren binne dy't it ûntjilde moatte by it oplossen fan it klimaatprobleem en de oantaasting fan de natoer. Neffens him is de maat fol.

Harkje nei de razers

Lekkerkerker: "De negatieve berichtgeving is volledig onterecht. Een klein groepje roept heel hard en heeft een groot podium gekregen. Over het algemeen heb ik het idee dat we nog wel gewaardeerd worden. Maar er wordt te veel geluisterd naar de schreeuwers."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Oprop D66 wie de drip

De resinte oprop fan D66-keamerlid Tjeerd de Groot om de sektor mei 50 persint yn te krimpen om it stikstofprobleem op te lossen, is de drip wêrtroch't de amer no oerrint by de boeren. Ek de kommisje Remkes, dy't út namme fan it kabinet ûndersyk docht nei it stikstofprobleem, koerst oan op in krimp fan de lânbou.

Neffens de boeren docht de sektor al in hiel soad om dizze problemen temjitte te kommen. Mar fanút de maatskippij en de polityk wurdt dit net wurdearre. It liket wol as krije boeren oeral de skuld fan.

Oare skuldigen

Lekkerkerker wiist der op dat oare sektoaren sa as it autoferkear en Schiphol harren gong mar gean kinne wylst de útstjit fan stikstof dêr ek heech is. Boeren dogge neffens Lekkerkerker al in hiel soad oan duorsumens. Mar fanwegen hieltyd feroarjende regeljouwing is it dreech om it goed te dwaan. Lekkerkerker fynt dat de polityk ek bettere sifers op tafel lizze moat oer de miljeuskea dy't boeren oanrjochtsje.

Boer Peter Lekkerkerker

Boererige

Omrop Fryslân bringt dizze wike op radio, tv en ynternet in searje reportaazjes oer de boeren en harren fyzje op de takomst.

As earste yn de rige is it wurd oan boer Peter Lekkerkerker út Gytsjerk. Hy hat yn gearwurking mei syn heit en mem en syn buorman in bedriuw mei sa'n 250 kij. It bedriuw beskikt oer 130 bunder lân wêrfan 30 direkt om de doar. Weidzjen is hjirtroch net mooglik. Lekkerkerker soe wol graach wat mear lân om de doar ha wolle, mar dat is foarearst net mooglik.

(advertinsje)
(advertinsje)