"Alle jierren wer oare pillen troch nije regels De Friesland"

23 sep 2019 - 12:55

Minsken dy't klant binne by soarchfersekerder De Friesland krije mei yngong fan takom jier mooglik hiel oare medisinen foar har kwaal as dat se no krije. Dêr makket de Fryske Apotekers Feriening him grutte soargen oer.

Pillen - Foto: Shutterstock.com

De Friesland is oernaam troch soarchfersekerder Zilveren Kruis. It merk en dus de namme De Friesland bliuwt bestean, mar oan de achterkant feroaret der wol wat. En ien fan dy feroarings hat te krijen mei medisinen. De âlde fertroude pillen dêr't minsken oan wend binne, soe wolris ferfongen wurde kinne troch de pil dy't Zilveren Kruis by de fabrikant regele hat.

By De Friesland leit de kar foar medisinen by de apoteker, leit Jouke de Jong fan de Fryske Apotekers Feriening út. De apotekers meie kieze en de fersekerder betelje de leechste priis, mei in risiko by de apotekers fan priiisopslach. Dy wurkwize jout de apotekers in soad frijheid.

Oare helpstoffen, kleur of foarm

No't De Friesland fusearre is mei Zilveren Kruis, sil der wat feroarje. Zilveren Kruis wol alle jierren sels medisinen oanwize dy't se fergoedzje foar de pasjinten en dus is de apoteek bûn. Yn dy medisinen sitte wol deselde wurksume stoffen, mar de helpstoffen kinne oars wêze. En dat makket yn de praktyk ferskil foar de pasjinten, want dêr kinne se bywurkingen fan krije. Minsken kinne boppedat yn de war wêze, as se ynienen oare medisinen krije en de kleur en de foarm fan de pillen oars is.

Krapte

Troch dit type belied kinne fabrikanten medisinen weromlûke fan de Nederlânske merk en dat kin liede ta krapte, warkôget De Jong. "Dit komt folop ús kant út", is syn ferwachting. Soms komt it ek foar dat in medisyn yn Nederlân net of dreech te krijen is, mar yn in lân as Dútslân wol. "Dêr moatte wy wat oan dwaan", fynt De Jong.

Mear oerlizze

Neffens him soene soarchfersekerders faker mei de apotekers yn petear moatte oer it ferstrekken fan medisinen. Want de apotekers hawwe direkt kontakt mei de pasjinten. Sy prate mei de pasjinten en hearre hoe't giet yn praktyk.

Jouke de Jong fan de Fryske Apotekers Feriening

Soarchfersekerder De Friesland fynt de krityk lykwols net terjochte. Neffens Nynke van der Meulen is it net sa dat apotekers aanst net mear kieze kinne foar medisinen. Sy seit dat De Friesland mei Zilveren Kruis gearwurket en dat der in part fan it beleid oernaam is. Der binne no twa modellen: by de ien mei de apoteker sels merk en medisyn kieze, en by de oar jout de soarchfersekerder it oan. "De apoteker kin sels kieze hokker model, yn Fryslân hawwe de measten foar it earste model keazen."

Nettsjinsteande dat is der noch wol in soad ûndúdlik, bygelyks oer de finansjele gefolgen.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy en Nynke van der Meulen fan De Friesland

Trefwurden: 
medisinen De Friesland krapte
(advertinsje)
(advertinsje)