Ljouwerter reisburo krijt soad fragen oer Thomas Cook

It reisburo VakantieXperts yn Ljouwert krijt in soad telefoantsjes fan ûngerêste reizgers nei oanlieding fan it fallisemint fan reisoanbieder Thomas Cook. It Britse part fan Thomas Cook is fallyt. Dat jildt lykwols noch net foar it Nederlânske ûnderdiel fan it bedriuw. Mar hoe komt it no mei de fakânsjes dy't al boekt binne?
© ANP Foto
D-Reizen en VakantieXperts binne yn Nederlân de grutste oanbieders fan reizen fan Thomas Cook. Wurdfierder Danja Lekkerkerk fertelt dat se wurkje mei ferskate senario's. "Mensen die al op vakantie zijn, adviseren we om contact op te nemen met de reisleiding van Thomas Cook."
It bedriuw hat in spesjiale webside oanmakke, dêr't minsken mei fragen telâne kinne.

Reis omboeke

It twadde senario hat te krijen mei minsken dy't al boekt hawwe, mar noch op fakânsje moatte. It giet om sa'n 5000 boekings en 14.000 persoanen. "We nemen als reisbureau's contact op met deze mensen om de reis om te boeken naar een soortgelijke reis bij een andere reisaanbieder." As minsken wolle, kinne se ek harren jild werom krije.

It needsenario

It lêste senario dêr't rekken mei hâlden wurdt, is ek in fallisemint fan Thomas Cook Nederlân. Dan binne minsken dy't streekrjocht online boekt hawwe, sûnder reisburo, dupearre. Lekkerkerk lit witte dat sy ek foar dizze minsken in reis omboeke kinne. Alle kosten wurde betelle fanút de Stichting Garantiefonds Reisgelden (SGR).

Fallisemint Thomas Cook

Moandeitemoarn frege Thomas Cook it fallisemint oan. Dat jildt lykwols allinnich foar de Ingelske tak fan it bedriuw. It Nederlânske ûnderdiel is net fallyt. Ek it reisburo Neckermann falt ûnder Thomas Cook.
Yn totaal binne der sa'n 3000 Nederlanners op dit stuit op fakânsje mei in reis fan Thomas Cook.