Fikingskip yn trije parten fan Snits nei it Fries Museum

In Fikingskip (wytsingskip) yn trije parten fan Snits nei it Fries Museum yn Ljouwert ride: dat is freegjen om problemen. En dat die ek wol bliken moandeitemoarn. It transport fan it skip dat learlingen fan ROC Friese Poort boud hawwe, gong hast hielendal goed.
In part fan it vikingskip wurdt útladen by it Fries Museum © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Learlingen fan ROC Friese Poort wurken de ôfrûne tiid hurd oan in bysûnder projekt, wêrby't se in replika fan in autentyk Fikingskip makken. Moandeitemoarn waard it skip yn trije dielen fan Snits nei it Fries Museum yn Ljouwert brocht. Dêr is it skip in wichtich ûnderdiel fan in tentoanstelling oer de Wytsingen (Fikingen).
Vikingskip op transport nei Fries Museum

Logistike puzzel

It ferfier fan it skip wie noch in flinke logistike puzzel, mei twa frachtweinen en in skip yn trije parten. Dat lêste wie nedich omdat de lift dêr't it skip yn moat, mar fiif meter lang is.

Skea nei falpartij

Doe't in part fan it skip moandeitemoarn by de saneamde 'goederen'-yngong fan it museum nei binnen brocht waard, gong it hast mis. It earste diel foel hurd op 'e grûn. Dat soarge foar wat skea, mar neffens boumaster Bein Brandsma foel it gelokkich allegear wol wat ta.

Tentoanstelling

De tentoanstelling Wij Vikingen set op 19 oktober útein. Uteinlik moat it skip dêrnei ek gewoan farre kinne.