Fotograaf Reiny Bourgonje wint bysûndere priis

23 sep 2019 - 11:49

Fotograaf Reiny Bourgonje fan It Hearrenfean hat de prestizjeuze 'Vincent van Gogh Photo Award 2019' wûn. De winnende foto fan Bourgonje waard keazen út sa'n 600 ynstjoerings út 70 lannen.

Foto: Vincent van Gogh Photo Award

Bourgonje hat neffens de sjuery in pakkend portret en in yntrigearjende foto makke fan it 6-jierrich famke Esther van Halderen út Aldskoat. De foto is sketten yn in maisfijld.

Van Gogh as fotograaf

De gedachte achter de priisfraach wie 'Wat soe Vincent van Gogh op de foto sette as er de wrâld fan no besjen soe'. De winnende foto 'Black Pearl' is no te besjen yn it Vincent van Goghmuseum yn Nuenen, mar is ek libbensgrut te besjen oan de Lindegracht op It Hearrenfean.

Twa jier lyn wûn se de haadpriis yn in grutte Europeeske fotowedstriid.

(advertinsje)
(advertinsje)