Op 'e nij winst foar follybalfroulju yn Japan

23 sep 2019 - 11:44

De Nederlânske follybalfroulju binne noch hieltyd goed dwaande yn Japan. Moandei wûnen de froulju de wrâldbekerwedstriid tsjin Súd-Koreä mei 3-1. Ek dit kear stie Marrit Jasper fan Snits yn de basis.

Foto: ANP Foto

De ploech fan bûnscoach Jamie Morrison wist de earste set te winnen mei 25-19. De twadde set gong mei 21-25 nei Súd-Koreä, wêrnei't Oranje mei 25-22 en 25-23 dien wurk makke. Marrit Jasper soarge mei in tûk blok foar it winnende punt yn de fjirde set.

Snein wûn Oranje mei 3-0 fan Kamerûn.

Trefwurden: 
Snits Marrit Jasper follybal
(advertinsje)
(advertinsje)