Mei de dokter natuer foarskriuwe as medisyn?

23 sep 2019 - 11:34

Mear as twatredde fan de Nederlanners fynt dat dokters de natuer foarskriuwe meie as medisyn. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan IVN Natueredukaasje. It is útfierd troch Kantar, foarhinne TNS NIPO. Ut resint Britsk ûndersyk hat bliken dien dat minsken dy't minimaal twa oeren wyks de natuer yngean lokkiger binne, sa't se sels oanjouwe.

It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Mei de natuer yn wurde alle manieren fan frij bûtendoar wêze bedoeld, ek yn in park en in bosk, oan it wetter, op see, yn greiden of fjilden. De eigen tún en sportfjilden telle net mei. Dit IVN-ûndersyk is útfierd ûnder 1014 Nederlanners fan 18 jier en âlder.

Oar wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat de natuer derfoar soarget dat minsken minder klachten krije oer burn-out, obesitas, ynfeksjes of ûntstekkingen.

Skotlân

Op dit stuit meie inkeld dokters yn Skotlân de natuer foarskriuwe as medisyn. Sûnt 2018 hawwe dokters dêr in list mei aktiviteiten dy't se harren pasjinten meijaan kinne by beskate medyske klachten.

Trefwurden: 
IVN natuer medisyn
(advertinsje)
(advertinsje)