Buma slút fjouwer drugspannen yn Ljouwert

23 sep 2019 - 11:29

Boargemaster Sybrand Buma hat freed fjouwer pannen yn Ljouwert slute litten om't der yn drugs hannele waard. It gong om twa saneamde 'growshops', in garaazjeboks en in wenning oan de d'Hondecoeterstrjitte.

Marihûana - Foto: Shutterstock.com

De pannen binne trochsocht troch de plysje yn it ramt fan in grutskalich ûndersyk nei drugshannel yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)