PvdA oer glêde stiennen op Ljouwerter Nijstêd: "Dit kan zo niet langer"

Dirk Visser, riedslid yn Ljouwert foar de PvdA, hat fragen steld oan it kolleezje oer de glêde Sineeske laaistiennen op de Nijstêd, dy't foar in soad ûngelokken soargje. It riedslid stipet Heidi Douma, dy't stappen sette wol tsjin de gemeente nei't se sels har earm bruts by in falpartij. "Dit kan zo niet langer."
De Jeans Centre yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Fjouwer wike lyn gong PvdA-riedslid Dirk Visser sels noch mei de fyts ûnderút op de glêde Sineeske laaistiennen op de Nijstêd yn Ljouwert. Hy hat fragen steld oan it kolleezje oer de situaasje. "Ik wil kijken wat we er aan kunnen doen. In 2017 is er een laag over de steen gelegd, met als doel dat het minder glad zou worden. Maar het is helemaal niet minder glad geworden."

Ungeskikte stien

Fandêr dat Visser aksje ûndernimt en it kolleezje opropt om de gefaarlike situaasje oan te pakken. Visser hat sels al wat foarûndersyk dien. "Ik heb contact gehad met een natuursteenbedrijf, dat al van meet af aan benadrukte dat deze steen niet geschikt is. Wel gaf dit bedrijf aan dat de gemeente wellicht de stenen kan voegen, zodat we meer stroefheid creëren. Dat zou een goede optie kunnen zijn."

Alle dagen ûngelokken

Dat der wat barre moat, dêr is Visser fan oertsjûge. Der barre hast alle dagen ûngelokken as it reint hat. "Ik heb zelf twee weken geleden nog een oudere vrouw opgeraapt, die was gevallen. Ook op Facebook zie je tientallen meldingen. Dit kan zo niet langer."

Stipe by stappen

It riedslid stipet dan ek it inisjatyf fan Heidi Douma, dy't stappen sette wol tsjin de gemeente. "Ik ga Heidi zeker steunen in haar actie tegen de gemeente. De gemeente heeft per slot van rekening de taak om te zorgen dat het daar veilig is."
Dirk Visser, riedslid fan de PvdA yn Ljouwert