Kollum: "Mûzen tusken de kninen"

23 sep 2019 - 08:31

'Al doende leert men.' It is miskien wol ien fan de âldste sprekwurden. En it sprekwurd kloppet, kaam ik de ôfrûne fjouwer wiken achter. Want fan in famke dat noch gjin pit yn in lampe draaie koe, bin ik feroare yn in boufakker dy't mei in stielboarstel in roetmuorre skjinskrobbet. In leadjitter dy't mei gemak in liedinkje omleit. En in stukadoar dy't har hân net omdraait foar in gipsmuorke. Ik bin handiger as dat ik oait tocht hie.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Op de lêste dei fan de simmerfakânsje kochten wy in hûs, dêr't noch it ien en oar yn ferspikere wurde moast. Donkerbrune skroatsjes op de muorren, donkerbrune tegels op de flier en donkerbrune kastjes yn de keuken. Mei oare wurden: it ynterieur wie wat 'gedateerd', sa't se dat sa moai op Funda sizze. Dus de sloophammer kaam al op dei twa fan souder. En fjouwer wike letter is ús hûs ien grutte bouput.

Wa't wolris yn in âld hûs oan it klussen west hat, wit hoe't soks giet. Begjinst ergens entûsjast te skuorren en foardast it wist, hast de hiele boel op 'e kop. Foar yn de keamer ha wy de houtenflier der útskuord en bongelje wy no yn it sân om. De keuken is al krekt sa'n sânbak, mei noch in pear plankjes oan de muorre dêr't in pear wike lyn noch de kastjes hongen.

En yn de hal stjonkt it nei mûzestront, dat my om de earen fleach doe't ik it gipsen plafond der út beukte. It wie in rein fan keuteltsjes, dy't my oeral tusken rûgelen. En net allinnich keuteltsjes. Doe't ik it shirt útluts nei't ik al it folskiten isolaasjemateriaal nei ûnderen skuord hie, kaam ik ek noch wat oars tsjin. Twa yndrûge mûzelykjes. Bonkerakjes mei in stiif hurd sturtsje.

No kin ik wol wat ha, mar twa deade mûzen dy't tusken myn kninen yn de bh sieten, dat gong sels my krekt wat te fier. Dus ik ha dêr omraasd as in fiskwiif. Bekaam fan de skrik ha 'k beide beestjes bewarre as bewiismateriaal. Wa wit binne it wol 'Noordse woelmuizen', betocht ik my letter. Dan ha wy dat hiele sirkus der ek noch by. Dus yntusken lizze se yn de sek mei bou-ôffal.

Oer bou-ôffal sprutsen: wy ha noch in bysûndere fersammeling by elkoar sparre. Lege wynflessen út de tún. De foarige eigener hie hûnderten wynflessen op 'e kop yn de grûn drukt, as fersiering om beammen en strûkjes hinne. Net in stik of tsien, nee, sa'n sechstich per beam. En wy ha, sa't ik earder al sei, in bosk kocht. Dus rekkenje mar út. Yntusken ha wy sa'n tsien kroaden fol mei flessen út de tún fiske. En it ein is noch net yn sicht.

Mûzelykjes, lege wynflessen: wy komme fan alles tsjin. En krekt doe't wy tochten dat we alles wol sa'n bytsje hân hienen, fertelde de dochter fan de foarige eigener ús dat achter yn 'e tún noch in pear bisten begroeven binne. Of in pear, eins alle bisten fan de famylje waarden achter yn de tún bedobbe. Kninen, hûnen, katten en kavia's. Ach, dat koe der ek noch wol by. Ik wie al lang bliid dat dy my net yn de bh rûgele wienen."

(advertinsje)
(advertinsje)