VVD T'diel oer leegjen grize kliko's: "It rint hjir út de klauwen"
"It rint hjir hielendal út de klauwen yn Tytsjerksteradiel." Dat seit riedslid Sjaak Hoekstra fan de VVD yn Tytsjerksteradiel as reaksje op it plan om de grize ôffalkontener fan 2021 ôf noch mar ien kear yn de trije wiken te leegjen. De rêst fan de ried tinkt dat der gjin problemen ûntstean sille, mar de VVD is it dêr net mei iens.
Koartlyn waard it plan om de grize kontener minder faak te leegjen, oannaam troch de ried. De VVD wie ien fan de iennige partijen dy't it net mei it plan iens wie. "It ferbjustere ús dat it allegear sa maklik giet", seit Hoekstra. "Blykber ferwachtet gjin ien dat dit plan problemen opsmite sil, wylst wy fan in hiel soad gesinnen mei bern hearre dat se no al in folle kontener ha nei twa wiken."
Offalsirkus
Neffens de gemeente kinne ynwenners troch it ôffal te skieden in hiel soad ôffal besparje dat yn de grize kontener belânet. Troch elkenien ynformaasje te jaan oer it skieden fan ôffal, soe dit slagje moatte. Hoekstra: "Der wurdt in hiel ôffalsirkus optûgd, mei ynformaasje en apps. Mar wy ferwachtsje grutte problemen."
Neat fan leard
De VVD hat it kolleezje frege om foarbylden te jaan fan gemeenten dy't dit trijewyklikse ophelsysteem mei sukses ynfierd hawwe. Hoekstra: "Dan neame se de gemeente Hearrenfean, wylst dy yntusken fan dit systeem ôfstapt is, om't it gjin sukses wie. Mar blykber ha wy dêr neat fan leard."
Koartste ein
Hoekstra is net te sprekken oer it plan, mar kin net oars as tasjen hoe't it dochs ynfierd wurdt. "Wy lûke oan de koartste ein. De mearderheid wol it, dus dan kinne wy der net folle oan feroarje."