Seestikelbaarch kin helpe by beskerming koraal

23 sep 2019 - 06:53

It giet net goed mei it koraal. Yn it Karibysk gebiet bygelyks soargje algen dat it koraal stadichoan ferdwynt. Dy algen binne goed te bestriden troch seestikelbaargen, mar dy binne der hast útstoarn. Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert siket nei in oplossing om de seestikelbaarch werom te bringen.

Foto: ANP Foto

De seestikelbaarch is yn de jierren tachtich troch in sykte hast hielendal útstoarn, fertelt Alwin Hylkema. Hy is ûndersiker by de oplieding Kust- en Zeemanagement fan Van Hall Larenstein. Hylkema besiket om seestikelbaarch werom te bringen yn it wetter fan de eilannen Sint Eustatius en Saba.

Larven as redmiddel

Hylkema: "We werken nu aan een manier om de larven van de zee-egel te helpen om de algen op te eten. Dat zijn eigenlijk kleine zee-egeltjes, die het koraal kunnen beschermen." Dizze oplossing soe ek yn oare oseanen brûkt wurde kinne om it koraal te beskermen, ferwachtet Hylkema.

Soad bedrigings

"Maar het koraal wordt bedreigd door vele oorzaken, niet alleen door algen", seit de ûndersiker mei klam. "Denk ook aan opwarming van de aarde en verzuring van de oceaan. Daar kan de zee-egel niets aan doen. Maar we kunnen er wel voor zorgen dat het niet verder verslechtert dan nu al het geval is."

Undersiker Alwin Hylkema

(advertinsje)
(advertinsje)