Fjouwer poppe-oesters yn Noardsee by Skier: stap yn natuerherstel

22 sep 2019 - 20:34

Foar it earst binne der neikommelingen fan de útsette oesters yn de Noardsee oantroffen. Dat barde by de Borkumse Stenen, tweintich kilometer noardlik fan Skiermûntseach. It Wereld Natuur Fonds (WNF) hat dêr yn 2018 sa'n 80.000 oesters pleatst.

Foto: WNF

Fjouwer 'poppe'-oesters binne yn de Noardsee ûntdutsen by de dûkekspedysje fan de stichting Duik de Noordzee Schoon. It giet goed mei de neikommelingen, mar ek mei de folwoeksen oesters dy't útsetten wiene.

Eureka-momint

"Het was echt een eureka-moment", sei Stephanie Verbeek yn it Radio 1-programma Vroege Vogels. Verbeek is 'haad oseanen' fan it WNF. "De oesters werden in grote hoeveelheden teruggevonden op de Noordzeebodem. Ze leven nog en zijn sinds het uitzetten allemaal flink gegroeid."

It WNF hie net allinnich 80.000 oesters útset, mar ek rifstruktueren fan sânstien en fjouwer ûndersykskoaien op de seeboaiem delset. Doel fan dat alles is natuerherstel yn de Noardsee, yn it bysûnder it herstel fan de platte oester.

Oesterbanken

Platte oesterbanken kamen eartiids in protte foar yn de Noardsee. Oant it begjin fan de foarige iuw wie tweintich persint fan de Nederlânske Noardseekust bedutsen mei oesters. Dy banken binne hast allegear ferdwûn troch oerbefiskjen, sykten en kâlde winters.

"Oesterbanken zijn hotspots van biodiversiteit", seit Verbeek. "Ze bieden een harde bodem, waar van alles op en om groeit, zoals lipvissen, kreeften, Noordzee krabben en zachte koralen. De hogere biodiversiteit kan oplopen tot wel 60% vergeleken met de omringende zandbodems. Daarnaast hebben ze een kraamkamerfunctie voor verschillende soorten, waaronder ook haaien en roggen. Ze zijn dus letterlijk de basis voor een gezonde Noordzee."

(advertinsje)
(advertinsje)