Bannen plysjeauto lekstutsen by Lindefestival yn Wolvegea

By it Lindefestival yn Wolvegea binne de bannen fan in plysjewein lek stutsen. Dat skriuwt plysjefrou Leontina Koehoorn fan de plysje Noard-Nederlân op twitter.
© ANP
De auto stie by it festival parkearre yn de Haadstrjitte. Dêr binne de bannen dus lek stutsen. It hie grutte gefolgen ha kinnen, skriuwt Koehoorn. As ien mei driuwend help nedich hân hie, wie dat no net mooglik west. "Erg triest dit", seit se.