Theo Pijper (39) mei brutsen pols nei sechsde plak op WK langbaan

Theo Pijper fan Rinsumageast is sechsde wurden yn it einklassemint fan it WK langbaan, in dissipline fan it gersbaanracen. De 39-jierrige Fries om utens ried yn Roden mei in brutsen pols. De wrâldtitel gong nei Dimitri Bergé út Frankryk.
Theo Pijper (mei de giele helm) © Omrop Fryslân, Freark Wijma
Bergé waard yn de finale fan de fiifde WK-wedstriid twadde en dat wie genôch om konkurrint Martin Smolinski út Dútslân foar te bliuwen yn it einklassemint. Mathieu Trésarrieu einige as tredde.

Crash favoryt Smolinski

Bergé en Smolinski stienen foar de lêste wedstriid op respektyflik 95 en 94 punten. It like der dan ek op dat de WK-titel yn de finale fertsjinne wurde moast. Mar yn de heale finale giet de Smolinski ferskriklik de fout yn by in ynhelaksje tsjin Trésarrieu. Beide gersbaanracers gienen ûnderút, Smolinski waard diskwalifisearre en moast boppedat blessearre de baan ferlitte.
Yn de oare heale finale pakte Bergé wol de winst en hy wie doe ek fuort wis fan de wrâldtitel.
WK Langbaan crash Smolinski
Yn de finale kaam de Dútser Lukas Fienhage as earste oer de streek en pakte sa de deititel. Bergé waard dêr twadde en de Tsjech Josef Franc tredde. Theo Pijper kaam net fierder as de heale finale. Hy einige yn Roden as sânde, mar yn de einstân fan it WK pakte Pijper in knap seisde plak. Dat plak jout rjocht op in startbewiis foar it WK 2020.
WK Langbaan Theo Pijper en finale