Kelvin de Ruiter prolongearret wrâldtitel frachtweinlûken

22 sep 2019 - 19:48

Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean is foar de twadde kear yn syn karriêre wrâldkampioen frachtweinlûken wurden. Yn de Oekraynske haadstêd Kiev prolongearre er syn titel suksesfol. Twa jier lyn wie er yn Jordanië ek al de bêste.

It toernoai bestiet út trije ferskate ûnderdielen. De dielnimmers moatte de frachtwein mei ferskate techniken lûke.

De tarieding fan De Ruiter wie net optimaal, want de jûn foar de wedstriid rekke er blessearre. Dat barde doe't er de trep oprûn, wêrby't er mei de teannen hurd tsjin de trep oanrûn. Mei in soad pine kaam de 2,02 meter grutte De Ruiter dochs yn aksje. Hy hold Sean O'Hagan (Ierlân) en Miko Torro (Finlân) efter him.

(advertinsje)
(advertinsje)