Haadklasse kuorbal: winst Hearrenfean en SCO, ferlies Mid-Fryslân

22 sep 2019 - 18:32

Twa fan de trije Fryske kuorbalklups yn de haadklasse A ha dit wykein har wedstrid wûn: Hearrenfean wie fierstente sterk foar Rohda (21-7) en SCO wûn fan Meervogels. Mid-Fryslân gie ûnderút by koprinner Wageningen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Promovendus Hearrenfean begûn it seizoen noch mei ferlies, mar hat no twa wedstriden op rige wûn. Op besite by it Amsterdamske Rohda waard it in dikke oerwinning.

SCO, dat de earste twa wedstriden ferlern hie, hat ek de earste winst binnen. Thús tsjin Meervogels út Zoetermeer waard it 22-20.

Mid-Fryslân moast op besite by koprinner Wageningen en koe dêr net foar in ferrassing soargje. Grut wie it ferskil net, mar de Redústers moasten de oerwinning mei 17-14 oan Wageningen litte.

Stân Haadklasse A

Wedstriden Punten
1 Wageningen 3 6
2 Tempo 3 4
3 Hearrenfean 3 4
4 Oost-Arnhem 3 4
5 SCO 3 2
6 Mid-Fryslân 3 2
7 Meervogels 3 2
8 Rohda 3 0
(advertinsje)
(advertinsje)