Hearrenfeanfroulju winne yn Rotterdam en steane no tredde

22 sep 2019 - 17:53

Sportklup Hearrenfean hat yn de frouljusearedifyzje mei 2-0 wûn op besite by Excelsior Barendrecht. Tiny Hoekstra makke beide goals. Mei de winst klimt de ploech nei it tredde plak. Hearrenfean hat no sân punten út fjouwer wedstriden.

Tiny Hoekstra - Foto: www.orange-pictures.nl

De Feanster froulju wiene ek de boppelizzende ploech yn it stadion fan SBV Excelsior yn Rotterdam. Quinty Sabajo miste noch in pear kear de goede rjochting, mar yn de lêste minút fan de earste helte iepene Tiny Hoekstra de skoare. Se skeat raak fan de stip.

Dyselde Hoekstra wie yn de twadde helte in pear kear ticht by de 0-2. Uteinlik foel dy wer oan de ein fan de helte. Yn blessueretiid makke se dêrmei dien wurk.

Trije punten dus, mar hielendal tefreden wie Hoekstra net, fertelde se op it klupkanaal. "Wel blij met de overwinning, maar we hadden het eerder af moeten maken. Achterin hebben we het wel goed dicht gehouden, daar ben ik blij mee."

(advertinsje)
(advertinsje)