Kuierders op De Gordyk helje goed 140.000 euro op foar kankerbestriding

De kuiermanifestaasje 'Samenloop voor hoop' op De Gordyk hat dit wykein 142.188,38 euro opbrocht foar de kankerbestriding. Oan it evenemint, dat 24 oeren duorre, diene mear as 1.100 kuierders mei.
Samenloop voor hoop
Ek ferskate dj's en artysten wurken belangeleas mei. De rûte troch De Gordyk wie nachts ferljochte mei mear as 4.000 kearskes. By in soad fan dy kearskes stie in persoanlik boadskip foar in kankerpasjint of âld-kankerpasjint.

Boppe ferwachting

Foarsitter Janet de Vries fan de organisaasje wie tige te sprekken oer it ferrin fan de earste 'Samenloop voor hoop' op De Gordyk. It tal dielnimmers en ek de opbringst wiene boppe ferwachting.
Wethâlder Libbe de Vries fan Opsterlân sei nei ôfrin dat er 'grutsk' is op De Gordyk en omkriten. It folsleine kolleezje fan Opsterlân hat ek meirûn oan de 'Samenloop voor Hoop'.
It Koningin Wilhelmina Fonds wie tige te sprekken oer de Gordykster Samenloop voor Hoop. It fûns is wend dat sa'n kuiermanifestaasje yn trochsneed in ton opbringt. De Gordykster opbringst sit dêr mei 142.188 euro fier boppe.
Foarsitter Janet de Vries fan de organisaasje
© Omrop Fryslân, Onno Falkena