Isabelle Diks: "Platteland kan niet zonder de stad, maar andersom geldt hetzelfde"

22 sep 2019 - 15:29

Minister Hoekstra fan finânsjes dy't grutsk fertelt dat it hast net op kin yn Den Haag, wylst provinsjes en gemeenten wrakselje om rûn te kommen. Isabelle Diks, Twadde Keamerlid foar GrienLinks en Friezinne om utens, fynt dat it meast opfallende fan de troanrede en de miljoenenota. Se wie snein ien fan de trije gasten yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.

Twadde Keamerlid Isabelle Diks - Foto: GrienLinks

"Het geld klotst in Den Haag tegen de plinten op, terwijl gemeenten miljoenen tekort komen", seit Diks, dy't sels âld-wethâlder is fan de gemeente Ljouwert.

Grutte problemen by hast alle gemeenten

Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân koe it allinne mar mei har iens wêze. Trochdat der taken fan it Ryk nei de gemeenten oerhevele binne, ha gemeenten it dreech. Want mei dy ekstra taken is tagelyk in besunigingsslach trochfierd. Der binne no grutte problemen by hast alle gemeenten yn it sosjaal domein. Gemeenten krije de begrutting net rûn en der binne guon dy't Artikel 12-gemeente driigje te wurden. Dat betsjut dat se ûnder finansjele kuratele steld wurde troch it Ryk.

Diks folle dêrop noch oan dat it net allinne om it feit op himsels giet, mar ek om de presintaasje fan minister Hoekstra. Hy hie it oars bringe moatten en moar omtinken ha moatten foar de gefoelens fan de provinsjale en gemeentlike bestjoerders.

boargemaster van Selm fan Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân

Van Selm is boargemaster fan Opsterlân en ek foarsitter fan de P10, in gearwurkingsferbân tusken tweintich grutte plattelânsgemeenten. Sy sei bliid te wêzen mei it omtinken dat de kening hie foar de leefberens op it plattelân. "Ik ben blij dat de koning in de troonrede zei dat er meer aandacht moet komen voor de leefbaarheid op het platteland en dat de regionale plannen nu op de agenda staan."

Isabelle Diks neamde it belang fan it plattelân foar de stêd. "Het platteland kan niet zonder de stad, maar het geldt ook zeker andersom: de stad kan niet zonder het platteland."

Lelyline

De tredde gast yn it Nijsfoarum, Durk Pool fan de VVD-steatefraksje, neamde de Lelyline. Dat moat de rappe spoarferbining wurde tusken de Rânestêd, oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins en miskien noch wol fierder nei Hamburg.

Foto: VVD

It is bekend fan Pool dat hy in fûl foarstanner is fan dy plannen. Hy wie dan ek bliid mei de opmerking yn de troanrede dat der ynvestearre wurdt yn wegen en spoar. Pool giet derfan út dat de Lelyline ûnderdiel útmakket fan dy ynvestearringsplannen.

Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries diskusjearje alle wiken trije opinymakkers oer aktuele ûnderwerpen. Buro de Vries wurdt alle sneinen útstjoerd fan 11.00 oant 13.00 oere.

It nijsfoarum oer de troanrede

(advertinsje)
(advertinsje)