Henk de Jong: "We moatte Jong PSV net ûnderskatte"

22 sep 2019 - 15:02

Sportklup Cambuur spilet moandeitejûn in útwedstriid tsjin de beloften fan PSV. Ien dei foar de wedstriid warskôget trainer Henk de Jong: "We moatte Jong PSV net ûnderskatte."

Neffens de Cambuurtrainer is it faak ûndúdlik mei hokker spilers de belofteploegen yn de Keuken Kampioen Divisie oantrêde. De Jong ferwachtet in hiel jong Jong PSV, mar wis binne je dêr noait fan. "Dy alvetallen binnen ûnberekkenber en it is altyd lestich yn te skatten. Mar wy hoege ús op foarhân net ryk te rekkenjen", seit De Jong.

Konkurrinsje nimt ta

Syn eigen team stiet der goed op. Jarchinio Antonia en Doke Schmidt binne noch blessearre, mar komme der neffens De Jong wer oan. En fierder sjocht it der goed út. "It stiet goed en ik fyn it wol in team."

De konkurrinsje yn de seleksje nimt ta, want de spilers dy't op de bank begjinne sitte tichtby it nivo fan de basisspilers, fynt de Cambuurtrainer.

Cambuur begjint yn deselde opstelling as yn de wedstriid tsjin Helmond Sport, dy't mei 5-2 wûn waard. Yn dy wedstriid wie der haadrol foar Ragnar Oratmangoen. De oanfaller stiet wer yn de basis, mar is noch wat foarsichtich as it om dy status giet. "Ik ga er niet bij voorbaat vanuit dat ik een basisspeler ben", seit er. Lykwols hat Oratmangoen in goed gefoel oerhâlden oan de wedstriid tsjin Helmond Sport. "Maar we moeten nu weer kijken naar de volgende wedstrijd en daarop de focus leggen."

De opstelling fan Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosh, Schouten, Sambissa; Hoedemakers, Maulun, Jacobs; Oratmangoen, Mühren, Kallon.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(advertinsje)
(advertinsje)