Wedstriid tsjin FC Utrecht einiget yn desepsje foar SC Hearrenfean: opnij gjin winst yn eigen hûs

SC Hearrenfean hat it hiele seizoen noch gjin thúswedstriid wûn, en tsjin Utrecht koene de Friezen dêr gjin feroaring yn bringe. Yn eigen hûs waard it 1-1. Jens Odgaard miste in kertier foar tiid in strafskop en dus oerhearsket by Hearrenfean it gefoel dat der mear ynsitten hie.
© www.orange-pictures.nl
It earste gefaar yn de wedstriid wie foar FC Utrecht. Benammen spits Adrián Dalmau wie in pear kear ticht by de iepeningstreffer. Uteinlik kaam dy op namme fan Gyrano Kerk. Hy kaam nei 18 minuten frij foar doelman Warner Hahn en rûne kalm ôf.

Lykmakker

Dêrnei kaam Hearrenfean better yn de wedstriid. In kertier foar it skoft kaam de ploech fan Johnny Jansen op likense hichte. Nei in moaie aksje en in goeie foarset fan Mitchell van Bergen skeat Chidera Ejuke de bal yn de fiere hoeke.
Yn de twadde helte wie Hearrenfean de boppelizzende ploech. Hiel grutte kânsen wiene der lykwols net in soad. Spits Odgaard wie ien kear ticht by, mar syn poging bedarre yn it sydnet.

Strafskop mis

In kertier foar tiid krige Odgaard lykwols de grutste kâns fan de wedstriid. Hy waard oan de râne fan it strafskopgebiet ûnderúttreaun en krige in strafskop fan skiedsrjochter Siemen Mulder. Odgaard gong sels efter de bal stean, mar skeat op de fuotten fan keeper Maarten Paes.
Utrecht sette yn de slotfaze noch even oan, mar doelpunten foelen der net mear.

Trettjinde

SC Hearrenfean hat no fjouwer thúswedstriden spile en alle fjouwer lykspile. De Friezen steane op it trettjinde plak mei sân punten út sân wedstriden. Takom wike spilet Hearrenfean út tsjin VVV út Venlo.
SC Hearrenfean - FC Utrecht 1-1 (1-1) 18. Gyrano Kerk 0-1, 30. Mitchell van Bergen 1-1.
Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Veerman, Faik, Kongolo, Ejuke (90.Halilovic), Odgaard (78/Dreyer), Van Bergen.