Heidi Douma ûndernimt stappen nei útgliden op Nijstêd

22 sep 2019 - 21:01

It wurdt heech tiid dat de gemeente Ljouwert wat docht oan de glêde stiennen op de Nijstêd. Dat seit Heidi Douma út Ljouwert. Se hat in komplisearre breuk oerholden oan in falpartij dêr.

Heidi Douma seit dat der folle mear minsken binne dy't de stiennen gefaarlik fine.

Neffens Douma is se net de iennige is dy't ûnderút gong is op de Ljouwerer Nijstêd. Se glide út mei de snorscooter nei't se útwykte foar in oar. Doe't se har ferhaal dielde op Facebook krige se in soad reaksjes fan minsken dy't dêr ek fallen binne.

"De kop yn it sân"

De gemeente soe derfan witte, mar lost it probleem net op, en dêrtroch falle der neffens Douma geregeld ûnnedich nije slachtoffers. Se wol de kommende wike stappen sette.

Heidi Douma is de dochter fan sjongeres Anneke Douma. Se is allinnichsteande mem en lytse selsstannige. Omdat se foarearst net wurkje kin, sil se de gemeente yn it foarste plak oansprekke foar de skea dy't se hat.

Se fynt dat de gemeente Ljouwert mear dwaan moat: "Het gaat niet alleen om mij. Er zijn al zoveel mensen gevallen. De Nieuwestad hoort gewoon veilig te zijn, maar de gemeente Leeuwarden steekt de kop in 't zand."

Djoere stiennen

Douma hat de yndruk dat it om in prestiizjekwestje giet. De Sineeske laaistiennen wiene in kostbere en eigenwize kar fan it gemeentebestjoer en dêr wurdt oan fêsthâlden, seit se.

"Prestige en geld zijn blijkbaar belangrijker dan de veiligheid." Douma fynt dat de gemeente better nei de ynwenners harkje moat. "Het hoeft maar een klein beetje te regenen of het is daar spekglad."

Heidi Douma mei har linkerearm yn it needgips - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)