Piet Paulusma: "It is folop simmer mei hiele hege temperatueren"

22 sep 2019 - 11:45

Dat it ein septimber noch sa waarm is as dit wykein, is wol útsûnderlik, mar net unyk. Dat seit waarman Piet Paulusma. "Yn 2006 wie it waarmer. Doe wie it yn Ljouwert 26 graden." Dat is twa graden waarmer as no.

Simmerwaar by Broek - Foto: Albert Thibauider / Omrop Fryslân

Piet ferwachtet dat de temperatueren snein 'hiel heech' wurde sille. "Mei 23 oant 25 graden wurdt it folop simmer, en de sinne is der ek flink by."

Oan de ein fan de dei kin de loft berinne. "Dan binne der wolken. Dat jout oan dat der in waarsferoaring op komst is. It liket wol drûch te bliuwen. As der gjin bui komt, bliuwt it jûn lang bûtensitterswaar. De kâns op in bui is lyts, mar ik slút it net út."

Omrop Fryslân krijt alle wiken tsientallen foto's tastjoerd fan it waar. Hjirûnder is in seleksje te sjen fan de foto's fan dit wykein.

Wa't ek in waarfoto opstjoere wol, kin dat dwaan fia de waarside fan Omrop Fryslân of fia dizze link.

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma
(advertinsje)
(advertinsje)