Nederlânske follybalfroulju winne mei oermacht fan Kamerûn

22 sep 2019 - 10:57

De Nederlânske follybalfroulju ha de wrâldbekerwedstriid tsjin Kamerûn mei oermacht wûn. It waard 3-0 (25-15, 25-14, 25-18). Ien fan de follybalfroulju is Marrit Jasper, fan Snits. Sy stie yn de basis.

Marrit Jasper yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

De ploech fan bûnscoach Jamie Morrison stiet no tredde yn de ranking fan 12 lannen dy't meidogge oan it toernoai yn Japan. Kamerûn stiet alfde en hat pas twa sets wûn.

Morrison brûkt it toernoai foaral om de ploech fierder ta te rieden op it olympysk kwalifikaasjetoernoai fan jannewaris. Nei twa miste mooglikheden is dat de lêste kâns om dielname oan Tokio 2020 ôf te twingen. Moandei spylje de froulju tsjin Súd-Koreä.

(advertinsje)
(advertinsje)