Dronken bestjoerder is rydbewiis kwyt nei oanriding op De Lemmer

22 sep 2019 - 10:13

In 21-jierrige man moat it rydbewiis ynleverje neidat er belutsen wie by in ferkearsûngelok op De Lemmer. Op de Seedyk ried er tsjin in peal oan en troch in stek hinne.

De Seedyk op De Lemmer - Foto: Google Streetview

De bestjoerder hie tefolle dronken. Dat meldt de plysje. Hy soe 810 ugl blaasd ha. Dat is acht kear mear as tastien. In begjinnend bestjoerder mei net mear as 88 ugl blaze.

Neffens de plysje wie it in ravaazje. In peal is omriden, in stek is stikken, en de foarkant fan de auto sit yn de kreukels.

De bestjoerder is in 21-jierrige ynwenner fan Hoorn. Der wiene gjin oaren by it ûngelok belutsen.

Trefwurden: 
De Lemmer oanriding rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)