Ljouwerter (20) hinderet helpferliening XTC-brûker

22 sep 2019 - 08:45

De plysje fan Ljouwert hat de ambulânse warskôge foar in 18-jierrige man dy't op it Ruterskertier yn de stêd ûnder ynfloed fan drugs wie. In oare man behindere de helpferliening. Dat meldt de plysje.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It barde sneintemoarn betiid, om trije oere hinne. Plysjes seagen doe in man op de grûn sitten. Hy blykte ûnder ynfloed fan XTC te wêzen. Minsken fan de ambulânse ha him neisjoen.

Neffens de plysje begûn in oare man him der "op hinderlijke manier" mei te bemuoien. Dat gong om in 20-jierrige Ljouwerter. Se ha him frege om fuort te gean, mar dat die er net. Dy man hat in proses-ferbaal krigen. Hy soe dronken west ha.

De earste man is neffens de plysje oerdroegen oan it "eigen zorgkader".

Trefwurden: 
plysje Ljouwert xtc
(advertinsje)
(advertinsje)