Brânwacht bestriidt fjoerke mei skeppe en heafoarke

De brânwacht fan Ternaard is útriden foar in brantsje op it keatsfjild fan Nijewier. Sneintemoarn betiid hie in omwenner de meldkeamer belle omdat se reek rûkte. Der blykte in lyts brantsje te wêzen op it keatsfjild oan de Terpstrjitte.
© De Vries Media
Mei in hegedrukstraal, in skeppe en in heafoarke krige de brânwacht it fjoerke gau ûnder kontrôle. Dat meldt in tsjûge.
It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.