Lêste WK-test ferrint goed foar Epke Zonderland: "Folle better as ferwachte"

22 sep 2019 - 08:46

Epke Zonderland hat de lêste test foar it wrâldkampioenskip turnjen goed trochstien. Hy die mei de Nederlânske turners mei oan in ynterlân op It Hearrenfean. Zonderland turne op de brêge en op de rekstôk en it fergie him nei tefredenheid.

Sawol op it ûnderdiel brêge as op de rekstôk turnde Zonderland in bettere oefening as de ynterlân fan twa wiken lyn. Op de brêge skoarde Zonderland no 14.933 punten en dat is mear as in heal punt mear as de foarige kear. Op de rekstôk helle hy no 13.950 punten tsjinoer 13.900 by de foarige ynterlân.

Better as ferwachte

"It gie eins folle better as ferwachte. Ik hie fannewike in ferkâldheid te pakken en dat slacht fuort op de holtes", fertelde Zonderland nei ôfrin. "It fernuveret my dat ik sa snel herstel. Ik ha juster foar it earst in tastel oanrekke en it gong hjoed hiel goed. Dat komt troch myn erfaring. Ik wit hoe ik mei in slap lichem, want sa is it gewoan, prestearje moat. De power is der net en dus ha ik de technyk feroare, wêrtroch't ik de oefening toch goed trochkom."

Dat is ek wichtich, om't bûnscoach Bram van Bokhoven dit wykein syn WK-seleksje bepale moat. It toernoai is al oer twa wiken en dus is der net in soad tiid mear foar Zonderland om te herstellen. Mar, dat sil gjin grutte problemen opsmite tinkt er: "Ik kin noch in stap meitsje de kommende twa wiken. Ik ha wol sjen litten dat ik der klear foar bin. Mar de fitheid bliuwt wol in risikootsje. It is belangryk hoe't ik my dizze wike fiel en oft ik gau herstel."

De Nederlânske manlju turnen foar de twadde kear in ynterlân op It Hearrenfean, mei Spanje, Australië en Guatamala. Der kamen twa teams fan Nederlân yn aksje. Michel Bletterman siet yn it earste, Rick Jacobs en Epke Zonderland yn it twadde team. Spanje wûn de ynterlân, foar it earste team fan Nederlân. Guatamala einige as tredde en it twadde team fan Nederlân as fjirde.

It is de lêste kear dat de turners harren sjen litte kinne oan de bûnscoach, foardat hy de seleksje bekend makket foar it wrâldkampioenskip. Dat set oer twa wiken útein yn Stuttgart yn Dútslân. Moandei wurdt dúdlik wa't meigeane nei it WK.

Bûnscoach Van Bokhoven sil in drege kar meitsje moatte, want it prestearjen fan it team is hiel wichtich. Zonderland turnt mar twa ûnderdielen, de brêge en de rekstôk, wêrtroch't de oare turners dat kompensearje moatte op de oare ûnderdielen.

"Ik tink dat ik it foardiel fan de twivel krij dat ik dêrhinne reizgje mei. It is in risiko dat je nimme moatte, ik ferwachtsje dat it wol nedich is", sa seit Zonderland.

Utslútsel

Moandei dus komt der útslútsel. De slotkonklúzje fan sneontejûn is yn elts gefal in positive: "Ik moat noch better wurde, mar de potinsje is der seker."

Foarôf sei Michel Bletterman dat hy tefreden wie as er alle seis turnûnderdielen folbringe koe sûnder te fallen. Dat slagge him net. Bletterman foel op de flier en fan de rekstôk. Dochs wie de Ljouwerter nei ôfrin wol posityf.

Tefreden

"Aan de ene kant ben ik wel tevreden met een paar goede toestellen. Maar er waren ook een paar wat minder. Ik heb een week niet gesprongen, dat zie je wel terug", fertelde Bletterman. Twa wiken lyn moast er healweis de turnynterlân ophâlde mei in blessuere. Dêrfan is er noch net hielendal hersteld. "Ik heb er best veel last van. Ik ben ingetapet en met medicatie probeer ik de pijn te onderdrukken."

Foar it WK yn Stuttgart hoecht it gjin problemen op te smiten. Dat begjint oer twa wiken. Twivels oer oft Bletterman wol op tiid hersteld is, hat er net: "Over twee weken ben ik nog fitter dan nu."

Mar, dan moat er wol opnaam wurde yn de seleksje. Dat wurdt moandei dúdlik. Bletterman hopet dêr by te wêzen. Yn spanning wachtsje op it berjocht fan de bûnscoach docht er net: "Ik ben een nuchtere Fries, dus ik zie het wel."

Rick Jacobs turne lykas twa wiken lyn op fjouwer ûnderdielen. Syn skoare lei no (53.616) krekt wat leger as doe (54.700). Dochs koe hy libje mei dit resultaat: "Ik ben redelijk tevreden. Er zaten hier en daar wat schoonheidsfoutjes in, maar ik heb alle oefeningen uitgeturnd. Dat was het doel."

"Ben een laatbloeier"

Dat hy op dit poadium útkomt, is moai foar him. De Ljouwerter turner sit pas fan febrewaris ôf by de Nederlânske seleksje. "Ik ben een redelijke laatbloeier. Maar ik heb al heel veel geleerd. Daar gaat het om."

Oft it genôch is foar in plak yn de WK-seleksje, wit Jacobs net. "Geen idee. Maar ik mag tevreden zijn met de prestaties. Ik heb gedaan wat ik moest doen, of dat genoeg is gaan we wel zien."

(advertinsje)
(advertinsje)