Tennisser Arends ferliest heale finale Moselle Open

21 sep 2019 - 19:23

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der sneontejûn yn it Frânske Metz net yn slagge de finale fan it Moselle Open te berikken. Tegearre mei David Pel ferlear Arends mei 6-3 en 6-1 fan topfavoriten Nicolas Mahut en Edouard Roger-Vasselin.

Foto: Orange Pictures

Yn de heale finale fan it ATP-toernoai yn Metz wiene Mahut en Roger-Vasselin folle better as de Nederlanners. Benammen op de service lieten de Frânske tsjinstanners net in soad lizzen. Sy treffe yn de finale it duo Robert Lindstedt en Jan-Lennard Struff.

Nettsjinsteande it ferlies is de heale finale dit wykein in goed resultaat foar de Ljouwerter tennisser. Arends sil nei alle gedachten wer in tal plakken omheech gean op de wrâldranglist. Op dit stuit stiet hy op it 85ste plak.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis ATP
(advertinsje)
(advertinsje)