Nederlânske follyballers ûnderút yn achtste finales EK

It Europeesk kampioenskip is oer foar de Nederlânske follyballers. Oranje, mei yn it team ek Gijs van Solkema fan Snits, ferlear sneon yn de achtste finales yn Apeldoorn nei fjouwer sets fan tsjinstanner Dútslân. De setstannen wiene 17-25, 22-25, 32-30 en 23-25.
© Orange Pictures
Hoewol't Nederlân aardich meikomme koe mei Dútslân waard de wichtige twadde set ferlern. Ek de earste set wie al reedlik ienfâldich in proai foar de tsjinstanners.

Werom yn de wedstriid

Yn de tredde set kaam de Nederlânske ploech, ûnder lieding fan bûnscoach Roberto Piazza, werom yn de wedstriid. De Dútsers krigen seis wedstriidpunten, mar Oranje wurke se allegear fuort en pakte de set mei 32-30.
Yn de lêste set pakte Dútslân úteinlik de oerwinning. It achtste wedstriidpunt waard de Nederlânske ploech úteinlik fataal.