Jetske (38) fan Tsjummearum siket in medisyn tsjin Alzheimer

21 sep 2019 - 19:41

Op dizze Wrâld Alzheimer Dei wurdt sneontejûn de dokumintêre 'Jetske's race - Op weg naar de Alzheimerpil?' útstjoerd op telefyzje. De dokumintêre giet oer de 38-jierrige Jetske van der Schaar fan Tsjummearum. Se is drager fan in fataal Alzheimer-gen, en dat betsjut dat se no al wit dat se oer fyftjin jier Alzheimer krijt.

Foto: Iris Planting

Mei neurolooch Philip Scheltens besiket Jetske in medisyn te finen foar de sykte. Mar dat is net sa ienfâldich. Sterker noch, fierder ûndersyk en mooglike tests stuitsje op ferset fan medysk-etyske toetsingskommisjes. Sy fine dy te swier foar de proefpersoanen.

"Ideale proefpersoan"

"Ik bin no noch sûn, mar ik wit dat ik siik wurde sil", fertelt Jetske. "Dêrom bin ik de ideale proefpersoan foar ûndersyk. Mar dêr krije wy gjin tastimming foar. Yn oare lannen mei it lykwols wol."

Jetske van der Schaar yn Sneon yn Fryslân

De dokumintêre fertelt it ferhaal fan de striid fan Jetske en neurolooch Scheltens, om der úteinlik foar te soargjen dat der in medisyn tsjin Alzheimer beskikber komt. "Der is te sjen hoe't wy besykje it ûndersyk fan de grûn te krijen, wêrom't it wichtich is en wêrom't it op dit stuit net mei."

Persoanlik en kwetsber

Jetske is goed tsien moannen folge foar de dokumintêre. Oer de premjêre fan sneontejûn seit se it folgjende: "Ik fyn it hiel spannend. It is in persoanlik en kwetsber ferhaal. Ik soe dat net samar oan de hiele wrâld fertelle as it net mei sa'n wichtich doel wie."

De dokumintêre 'Jetske's race - Op weg naar de Alzheimerpil?' is om 21.05 oere te sjen op NPO2.

(advertinsje)
(advertinsje)