Sneonsfuotbal: Harkemase Boys mei minym ferskil foarby Excelsior'31

21 sep 2019 - 17:09

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei yn Rijssen mei 3-2 wûn fan Excelsior'31. De ploech fan De Harkema makke it yn de slotfaze noch spannend, mar wûn troch doelpunten fan Van Duinen, Slort en Beimers.

Foto: Orange Pictures

Dennis van Duinen sette syn ploech yn de 25ste minút op foarsprong tsjin Excelsior'31. Krekt nei it skoft ferdûbele Jari Slort de skoare. Harkemase Boys wie in stik sterker, mar nei in flater makke Boy Boeloerditi de oanslutingstreffer.

Krekt goed

Yn de 60ste minút sette Berwout Beimers it ferskil wer op twa doelpunten. Yn de slotfaze gie it krekt goed foar Harkemase Boys. Dérian Reinders fan de thúsploech makke de 2-3 tsien minuten foar de ein. Dy tsien minuten hie Excelsior nochris skoare kinnen, mar dat barde net.

Troch de oerwinning hat Harkemase Boys dit seizoen noch gjin wedstriid ferlern yn de tredde difyzje. De ploech spile ien kear lyk en wûn fjouwer kear.

Lykspul foar ONS Snits

Fuotbalklup ONS Snits wachtet noch hieltyd op de earste oerwinning yn de tredde difyzje. Sneontemiddei spile de ploech fan trainer Paul Raveneau mei 3-3 lyk tsjin VV Ter Leede út Sassenheim.

Sam Crowther en Tom Arissen makken de earste twa doelpunten foar ONS. Yn de slotfaze like Snits de winst te pakken, nei wer in goal fan Arissen. Yn de 90ste minút koe Ter Leede dochs noch op likense hichte komme. Dirk Hoekstra pakte it punt foar de gasten.

ONS Snits stiet yn de tredde difyzje no op twa punten yn totaal. Dêrmei is de ploech ûnderoan it klassemint te finen.

Bûtenpost ûnderút

Foar VV Bûtenpost wie it in minne dei. De ploech fan trainer Jasper Bouma ferlear yn Bûtenpost fan V.P.V. Purmersteijn: 0-3. De earste twa goals fan de ploech út Purmerend kamen fan topskoarer Schermer. Wigman makke oan de ein fan de wedstriid noch it tredde en lêste doelpunt.

Mei de ferleare wedstriid tsjin Purmersteijn bliuwt VV Bûtenpost yn de haadklasse yn de ûnderste helte stean.

(advertinsje)
(advertinsje)